Carl von Ossietzky Universiteit

Carl von Ossietzky Universität Oldenburg
Logo fan de universiteit
Logo fan de universiteit
Namme
Biedwurd Offen für neue Wege
Lokaasje
Lân Dútslân
Plak Aldenboarch
Oare bysûnderheden
Type Iepenbiere universiteit
Oprjochting 1973
Rektor Katharina Al-Shamery
Tal studinten 15.677 (2020/2021)
Tal meiwurkers 2.872 (2021), dêrfan 257 professors (2021)
Netwurken Netzwerk Mittelgroße Universitäten
Offisjele webside
www.uni-oldenburg.de
Carl von Ossietzky-Universiteit
It hiele kompleks

De Carl von Ossietzky-Universiteit sit yn Aldenboarch (Oldenburg) yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. Hoewol't Oldenburg al sûnt 1793 in learare-oplieding hie, waard de earste universitêre ynstelling earst 1973 iepene. De universiteit is de streekrjochte opfolger fan de pedagogyske hegeskoalle fan Aldenboarch.

De universiteit hjitte earst Universität Oldenburg. Yn 1992 kaam in ein oan sa'n tweintich jier toulûken tusken universiteit en polityk en koe de universiteit nei skriuwer, fersetsstrider en Nobelpriiswinner Carl von Ossietzky ferneamd wurde.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search